'Sjitdrama grypt Friezen oan'

27 jul 2011 - 11:26

De bomoanslach en massale sjitpartij yn Noarwegen gripe ek de Friezen bot oan. De telefoanyske helptsjinst Sensoor krijt in soad telefoantsjes fan minsken dy't bang binne dat yn Fryslân soks ek barre kin.

It komt faker foar dat minsken mei Sensoor belje as der bysûnder nijs is. Nei de moard op Pim Fortuin en op Theo van Gogh en it drama op Keninginnedei yn Apeldoorn kamen der in soad reaksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)