Ynbrekker mei ljedder pakt

De plysje hat tiisdeitenacht yn in tún yn Ljouwert in 27-jierrige ynwenner fan dy stêd oppakt. Hy wurdt derfan fertocht ynbrekke te wollen yn in hûs. In buertbewenner hie de man op in ljedder tsjin it hûs stean sjoen en warskôge de plysje. Dy fûn de man plat op it liif yn 'e tún mei de ljedder neist him.
De fertochte besocht noch út te naaien, mar koe oanhâlden wurde. Hy is fêstset op it plysjeburo.