Fertochten kontenerbrân oppakt

De plysje fertinkt twa jonges fan fjirtjin jier út Bakhuzen fan brânstifting. De twa binne yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden yn Himmelum. Dêr wie in kontener yn 'e brân stutsen.
De plysje seach fjouwer jonges yn sân hasten by de kontener weifytsen. Twa koene oanhâlden wurde. De oare twa naaiden út. De beide oanhâlden jonges binne foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro.