Oefening brânwacht op Skier

27 jul 2011 - 07:06

Brânwacht, KNRM en plysje hawwe tiisdeitejûn in grutte oefening hâlden op Skiermûntseach. By de oefening rekke in tsjinstauto fan Natuermonuminten yn de brân en feroarsake in grutte natuerbrân.

Der wie in bysûndere rol foar de boeren op it eilân, dy't mei harren tanks wetter oanfierden. Kommandant Henk van der Veen fan de brânwacht yn Noard-East Fryslân is tefreden oer it ferrin fan de oefening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)