SWF nominearre foar priis

© Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân is nominearre foar de Jong Lokaal Bokaal. Dat is in priis foar goed, posityf jongereinbelied. It ministearje fan folkssûnens, wolwêzen en sport is ien fan de inisjatyfnimmers.
De gemeente Súdwest-Fryslân hat ûnder mear in soad sportakkomodaasjes en oare sportmooglikheden yn de gemeente. Yn totaal binne der 12 gemeenten nominearre. Trije gemeenten komme yn de finale. Op 21 novimber wurdt de Jong Lokaal Bokaal útrikt.