EVT ferliest koart pleit

26 jul 2011 - 14:23
De EVT-boat

Rederij EVT fan Skylge hat in koart pleit oer oanlistiden yn Harns en op Skylge ferlern. De EVT mei de oanlisbrêgen net brûke tusken in oere foar de oankomst en in heal oere nei it fuortgean fan de Doeksenboaten. De EVT hat besocht dêr de helte ôf te krijen, omdat it oars syn eigen feartsjinsten net goed útfiere kin.

De rjochtbank yn Den Haach hat it fersyk ôfwiisd. Dat betsjut nei alle gedachten dat de EVT net trije kear deis op en del farre kin.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)