Driichtwitterer wer frij

26 jul 2011 - 14:04

It 18-jierrige famke út It Hearrenfean dat tiisdei oppakt is fanwege in driichtweet hie net yn de gaten dat dat sokke grutte gefolgen ha soe. It famke hie twittere dat se de ynwenners fan It Hearrenfean deameitsje soe. In oare twitterer skeakele de plysje yn.

Dy hat it famke fan hús helle en meinaam nei it buro. Dêr fertelde se dat dit allegear har bedoeling net west hie. Se is yntusken wer op frije fuotten. Justysje beslist oft it famke ferfolge wurdt of net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)