Rotterdamse dief oppakt

Yn Ljouwert is moandei in man út Rotterdam oanhâlden, dy't al hiel faak yn winkels ynbrutsen hie. Personiel fan in kleanwinkel betrape de man doe't er mei in tange labels fan klean oan it knippen wie.
It personiel krige yn de gaten dat de man by oare filialen yn it lân ek al ris klean stellen hie. Se hiene dat sjoen op kamerabylden dy't se trochspile krigen hiene. De plysje waard ynskeakele en dy hat de man meinaam nei it buro.