Bedriging fia Twitter

26 jul 2011 - 10:28

De plysje hat tiisdeitemoarn in 18-jierrige frou fan It Hearrenfean oanhâlden. Sy hie fia Twitter drige dat se de ynwenners fan har wenplak deameitsje soe.

De driichtweet waard moandeitenacht pleatst. In oare twitteraar seach it berjocht en warskôge de plysje. Dy hat de frou fuortendaliks yn har wenning oanhâlden. It is foar it earst dat de plysje yn Fryslân immen oanhâldt dy't in driichtweet pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)