Kamera's by profronde

26 jul 2011 - 10:20

By de Profronde yn Surhústerfean wurde dit jier foar it earst kamera's ynsetten. De plysje en de befeiligers dy't troch de organisaasje ynhierd wurde hawwe mei de kamera's in better sicht op de tsientûzenen besikers.

De lêste jierren wie der nei ôfrin fan de wielerronde faak fjochterij. Dronken minsken soargen foar oerlêst, lykas fernielings en wyldpisjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)