Oppakt foar bedriging
De plysje fertinkt in 62-jierrige ynwenner fan Sint Anne fan bedriging. De man soe ferline wike in meiwurkster fan de sosjale tsjinst yn Frjentsjer telefoanysk slim bedrige ha.
De organisaasje die dêrop oanjefte by de plysje, dy't de man dizze wike oppakte. Hy is fêstset foar fierder ferhoar.