Ravaazje maneezje Sonnegea

26 jul 2011 - 10:11

De plysje ûndersiket in ynbraak yn in maneezje oan de Sonnegeawei yn Sonnegea. De behearder ûntduts dêr moandeitemoarn in ravaazje. De klûs en it kassalaad wiene iepenbrutsen. Fierder wie ûnder oare de foarriedkast oer de kop helle.

De dieders koene it gebou ynkomme troch in rút te fernielen. De plysje siket de dieders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)