Skoalbern op poadium Lawei

26 jul 2011 - 07:08

Skoalbern foar it earst op in echt poadium stean litte. Dat is it doel achter it projekt Jij in de Lawei. It is opset troch de gemeente Smellingerlân, teater De Lawei en muzykskoalle De Meldij.

Nei de simmerfakânsje giet it projekt fan start. De gemeente hat hjir 65.000 euro foar útlutsen. De belangstelling fan de skoallen is grut. It is dan ek in foar Nederlân bysûnder projekt, omdat bern sels optrede meie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)