Nije Amerikaan Aris

25 jul 2011 - 14:10

Basketbalklup Lasaulec Aris hat in nije spiler oanlutsen. De Amerikaan Lance Jeter komt oer fan de University of Nebraska. Dy klup komt út yn de Big-12 Conference, ien fan de sterkste college-kompetysjes fan Amearika.

Jeter is in grutte pointguard fan 1.90 meter. Yn Amearika wie er kluptopscorer mei 11,7 punten de wedstriid. Aris hat syn team foar folgjend seizoen sa goed as rûn. Se binne noch op syk nei ien spiler.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)