Ynbrekker oppakt yn Ljouwert

25 jul 2011 - 10:45

Yn Ljouwert is moandeitemoarn betiid in 43-jierrige man út de stêd betrape op ynbrekkerij. Surveillearjende plysjes seagen in auto fan in befeiligingsbedriuw hurd foarby riden en giene der achteroan.

Op de Stationswei bleau de befeiliger foar in hoarekapân stean. Hy fertelde de plysjes dat dêr it alarm ôfgien wie. Se seagen in man hurd fuortrinnen en der siet ek ien op it dak. Yn it bedriuw fûnen se de Ljouwerter, dy siet yn in koelsel. Hy is oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)