Jonge mishannele op It Amelân

25 jul 2011 - 10:38

Yn Ballum op It Amelân binne it wykein twa jonges fan 16 oanhâlden, omdat se in oare jonge mishannele en bestellen hiene. De twa jonges út Deelen yn Gelderlân sieten mei in groep yn in kampearbuorkerij. Freedtenacht giene se de keamer fan in oare jonge yn. Dêr bedrigen en mishannelen se him en easken jild. Nei't er sein hie wêr't it lei, naaiden se mei it jild út.

It slachtoffer warskôge de groepslieding. Dy skeakele de plysje yn. Dy hat de fertochten oppakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)