Hout ferlern boppe Skylge

25 jul 2011 - 10:21

De kustwacht warskôget de skipfeart foar rûndriuwende pakketten hout boppe de Waadeilannen. In Malteesk frachtskip hat it hout dit wykein boppe Skylge ferlern. De Kustwacht sil moandei mei in fleantúch sjen wêr't de pakketten binne. De fraach is oft se noch heel binne of dat se útelkoar slein binne.

Moandeitemoarn binne de earste pakketten hout oanspield op It Amelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)