Westra tefreden oer Tour

Westra, sneon by de finish fan de tiidrit
Lieuwe Westra hat snein syn earste Tour de France útriden. De hurdfytser fan Vacansoleil-DCM einige yn Parys as 128e yn it einklassemint efter winner Cadel Evans. Westra jout himsels in '7' foar syn earste Tour.
Sneon like de ynwenner fan De Tynje noch in goede prestaasje del te setten by de tiidrit yn Grenôble. Hy ried goed yn de rein, mar trof it net dat de fytsers nei him mei droech waar rapper wiene. De Fries siet ek in tal kearen by in ûntsnapping.