Bluodderige rôf út hinnehok

24 jul 2011 - 16:04

Ut in hinnehok yn Drachten binne dit wykein fjouwer hinnen stellen en is fan in hoanne de kop ôfhelle. Fan ien hin binne de poaten ôfskuord en yn de buert achterlitten. It hinnehok stie achter in hûs oan de Lijsterstrjitte.

De plysje hat al buertûndersyk dien, mar der is noch gjin spoar fan de dieders. Eignaresse Tineke Postma is kjel wurden fan de stellerij. Se hopet dat der tsjûgen binne dy't wat sjoen hawwe. De stellerij wie nei alle gedachten sneontenacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)