Hooghiemster wint Burdaard

René Hooghiemster (argyffoto: Rudie Ottens)
Hurdfytser René Hooghiemster fan Drachten is sneon winner wurde fan it kritearium fan Burdaard. De Drachtster, dy't kommende wike 25 hopet te wurden, wie yn de sprint rapper as Elmar Reinders út Emmen. De twa wiene út in kopgroep fan acht man fuortsprongen. Wim Stroetinga fan Alderberkeap wûn de sprint fan de restanten fan de kopgroep.
Nettsjinsteande it wiete en kâlde waar wie it kritearium in nijsgjirrige wedstriid mei in soad oanfallen.