Slaanderij yn feesttinte

De plysje hat sneon trije manlju oanhâlden foar slaanderij yn in feesttinte oan it Súd yn Warkum. In 20-jierrige Harnzer hie in 37-jierrige ynwenner fan Heerlen mishannele. Dy rekke dêrby ferwûne. De Harnzer is fêstset op it plysjeburo.
In 47-jierrige Ljouwerter en in man fan 45 jier út Warkum moasten ek mei nei it plysjeburo. Sy wiene ek belutsen by fjochterij yn de feesttinte. De plysje docht noch ûndersyk nei wat der krekt bard is.