Partoer Velsma wint yn Harns
Sanne Velsma, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra hawwe sneon yn Harns de haadklasse-útnoegingspartij foar froulju wûn.
Yn in hiel iensidige finale wienen sy mei 5-0 en 6-0 fierstente sterk foar Afke Kuipers, Imke van der Leest en Margriet Bakker. De tredde priis gie nei it partoer Iris van der Veen, Leonie van der Graaf en Gérieke de Groot.