Lieuwe Westra 'koe wol gûle'

Westra finisht yn de tiidrit yn de Tour de France
Lieuwe Westra is teloarsteld oer de tiidrit yn de Tour de France. Hy waard 18e yn de etappe. Westra is spesjalist yn tiidriden en hie hege ferwachtings, mar it waar foel ôf. Hy fytste yn 'e rein, mar letter knappe it waar op. Dêrtroch hiene oare riders folle bettere omstannichheden. Westra koe wol gûle doe't er dat seach, sa sei er foar Omrop Fryslân.
Snein is de lêste dei fan de Tour dy't sa goed as wis wûn wurdt troch de Australiër Cadel Evans.