Projekt foar bern yn De Lawei

24 jul 2011 - 11:45

De gemeente Smellingerlân, skouboarch De Lawei en muzykskoalle De Meldij yn Drachten begjinne yn septimber mei it projekt 'Jij in de Lawei'. Se wolle bern yn de kunde komme litte mei toaniel, muzyk en dûns, mar ek mei dekôrbou, ljocht en lûd.

It is de bedoeling dat bern meidogge oan in foarstelling en op it poadium stean. It projekt duorret trije jier. Dêrnei wurdt besjoen oft it trochset wurdt. Der dogge earst fjouwer basisskoallen yn Drachten oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)