Program Boat Giet Oan oanpast

24 jul 2011 - 11:34

It program fan it farspektakel De Boat Giet Oan is foar snein flink oanpast yn ferbân mei it minne waar. Op de Willemskade yn Ljouwert soe in nautyske merk hâlden wurde. Dy is ferpleatst nei de hal fan skouboarch De Harmonie.

De organisaasje fan it evenemint hie foar snein hope op 40.000 besikers. Dat is bysteld nei fiiftûzen. Moandei gean de hast 200 histoaryske skippen wer fuort út Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)