Frou pakt foar brânstifting

23 jul 2011 - 14:11

In 46-jierrige frou út Ljouwert is freed oanhâlden foar brânstifting. Se soe harren eigen wente oan de Lieuwenburg yn de brân stutsen hawwe. De frou hie de brân sels by 112 melden. Doe't de brânwacht en de plysje de wente yn woene, stie dy fol reek. Yn de keuken lei in ferbaande doek. Hoe't dy dêr kaam, koe de bewenster net fertelle.

De frou wie dronken. Se is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)