Brommer riidt de sleat yn

In 20-jierrige ynwenner fan Eastermar en in 18-jierrige ynwenner fan Burgum binne freedtejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Seadwei by Eastermar. Se sieten tegearre op in brommer dy't troch noch ûnbekende oarsaak in beam rekke en doe yn 'e sleat ried.
Beide moasten mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. By de ynwenner fan Eastermar, dy't de brommer bestjoerde, is in bloedproef ôfnaam.