Swimmaraton smyt 6000 euro op

23 jul 2011 - 10:21
Swimbad De Klomp (foto: Omrop Fryslân)

In swimmaraton yn swimbad De Klomp yn Wommels hat hast 6000 euro opsmiten. It jild is bedoeld om it swimbad oerskeakelje kinne te litten op skjinne enerzjy. It giet dan ûnder oare om it ferwaarmjen fan it wetter mei sinnepanielen.

De swimmaraton waard hâlden fan freedtejûn njoggen oere oant sneontemoarn njoggen oere. Yn dy tiid hawwe seis teams sûnder skoft oan it swimmen west.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)