Flat kin renovearre wurde

22 jul 2011 - 20:42

De monumintestatus fan de Antillenflat is gjin beswier foar de renovaasje fan de flat. Dat seit direkteur Kooiker fan wenningboukorporaasje WoonFriesland, eigner fan de flat.

De gemeente Ljouwert wol de flat de status jaan fan gemeentlik monumint. Der is noch mar ien sa'n flat yn Nederlân. Op it stuit wurdt der hurd wurke oan it herstel fan de flat. Op 23 maaie stoarte in part fan de galerij yn. Yn desimber moatte de earste bewenners har hûs wer yn kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)