Kapel foar nonnen yn Warkum

22 jul 2011 - 20:33

Pastoar Huisman hat freed yn Warkum in kapel ûntbleate en ynseinge. It is in monumint yn neitins oan de nonnen fan de Jezus-Maria-Jozef-kongregaasje. Dy sieten fan 1887 oant 1983 yn it kleaster Huize Sint Gertrudes yn Warkum.

Doe't it kleaster yn 1991 sloopt waard, wie der neat mear yn de stêd dat herinnere oan de susters. Dat moast feroarje, fûnen de Warkumers. Dêrom is der no in kapel mei dêryn foto's fan de nonnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)