Motorrider ferwûne rekke

22 jul 2011 - 18:22

In 35-jierrige motorrider út Nes op it Amelân is freedtemoarn ferwûne rekke by in ferkearsûngelok op de N365 by Holwert. De man kaam dêr yn botsing mei in frachtwein.

De frachtwein hat nei alle gedachten gjin foarrang jûn oan de motorrider. It slachtoffer is mei heupletsel oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)