Boerepaad bêste kuierpaad

Argyffoto fan it Boerepaad
It Boerepaad by Slappeterp is troch de harkers fan Omrop Fryslân útroppen ta bêste kuierpaad fan Fryslân. Mei 37 persint fan de stimmen wie it Boerepaad krekt wat populêrder as de Gouden Halsbân by Penjum. Dy krige úteinlik 36% fan de stimmen.
De hiele wike wie it al stuorke wikseljen tusken de beide paden. De saakkundige sjuery keas úteinlik ek foar it paad by Slappeterp. Twadde is de Gouden Halsbân en tredde it Brekkenpaad by Aldegea.