Mangrove-varanen berne
In ferrassing foar de meiwurkers fan Aqua Zoo. Sûnder dat sy op de hichte wiene hat ien fan de Mangrove-varanen yn it park twa aaien útbret. Freedtemoarn waarden de jonge bisten ûntdutsen.
It is foar it earst dat der yn Aqua Zoo jonge Mangrove-varanen berne binne. Besikers moatte wol goed sykje nei de bistjes. Se binne goed kamûflearre en falle hast net op yn it natuerlike ferbliuw.