Antillenflat mooglik monumint

De monumintenstatus fan de Antillenflat is gjin beswier foar de renovaasje fan de flat. Dat seit direkteur Kooiker fan wenningboukorporaasje WoonFriesland, eigner fan de flat. De gemeente Ljouwert wol it de status jaan fan gemeentlik monumint. Der is noch mar ien sa'n flat yn Nederlân.
Der wurdt hurd wurke oan it herstel fan de flat. Op 23 maaie stoarte in part fan de gallerij yn. Yn desimber moatte de earste bewenners der wer yn.