Utspraak earmerken yn Hollânsk

22 jul 2011 - 14:40

Earmerkwegerder Thom de Groot fan Grou is lulk, omdat er de útspraak fan syn rjochtsaak net yn it Frysk krigen hat. Dêr hie er al om frege, ek omdat er yn de rjochtseal Frysk prate. De Groot wol der wurk fan meitsje. Hy giet ek yn kassaasje tsjin de útspraak.

Yn heger berop oardiele it gerjochtshôf yn Ljouwert dat De Groot en syn meistanners wol deeglik earmerken by har skiep ynbringe moatte. Ta in straf kaam it lykwols net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)