Westra rjochtet him op tiidrit

22 jul 2011 - 11:52

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje wol him eins sparje foar de tiidrit fan sneon yn de Tour de France. Mar hy slút net út dat er dochs ek besykje sil te demarearjen yn de berchetappe nei Alp d'Huez yn de Tour de France.

Westra teste himsels tongersdei yn de swiere etappe mei oankomst op de Galibier. Mei ûnder mear Robert Gesink en de Amerikaan Levi Leipheimer ried er op de earste berch fan de dei efkes foar it peloton út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)