Flylân draacht wenningen oer

22 jul 2011 - 11:46

De gemeente Flylân hat syn wenningfoarried oerdroegen oan wenningboukorporaasje WoonFriesland. It giet om 192 wenten. De gemeente docht ôfstân om't se de hierders net biede kin wêr't se rjocht op hawwe.

Sa sil WoonFriesland de wenten renovearje en oanpasse dêr't dat nedich is. Ek sil de wenningkorporaasje nij bouwe dêr't dat nedich is. It giet om in ynvestearring fan 5 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)