Twa bern wer fûn fia Burgernet

Twa fermiste bern binne tongersdei yn Dokkum werom fûn troch in dielnimmer oan Burgernet. De plysje hie minsken frege út te sjen nei twa bern dy't op besite wiene by har pake en beppe. In 4-jierrich famke wie de minsken eefkes ûntkaam. Har broerke fan 11 gie om har út en bleau doe ek fuort.
De plysje sette in burgernetaksje yn gong, wêrby't dielnimmers fia de telefoan oproppen waarden nei de bern út te sjen. Ien fan de minsken seach de bern doe yn in boarterstúntsje.