Drachtster plein wer droech

It Raadhuisplein yn Drachten is wer droech. Dêr't de ûndernimmers en bewenners fan it Raadhuisplein yn Drachten al moannen foar striden hawwe is tongersdei yn in tiidsbestek fan oardel oere opknapt. De grutte wetterpartij dy't ûntstien wie nei de sloop fan in supermerk is einliks oprêden.
Moannenlang stie it grûnwetter yn de bouput. Dertroch like it plein bot fertutearze en boppedat soarge it wetter foar in soad stankoerlêst.