Loadswurk helpt by finen baan

21 jul 2011 - 16:47

De proef Loadswurk yn Frjentsjer fan reyntegraasjebedriuw Empaselect is in súkses. Fan de 153 wurkleazen binne oant no ta tritich oan in baan holpen en dat wurde noch mear. Fjirtich kursisten binne ophâlden, ûnder oare omdat se ferhuze binne.

De proef yn Frjentsjer duorre in jier, mar wurdt ferlingd mei nochris oardel jier. De dielnimmers krije help by it sykjen nei wurk en it folgjen fan workshops. De kursus waard tongersdei ôfsletten mei in catwalkpresintaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)