Bettere kommunikaasje oer REC

21 jul 2011 - 15:35

De gemeente Harns en Omrin hawwe ôfspraken makke oer bettere kommunikaasje oer de ôffaloven REC by dy stêd. Sa sille tenei alle saken dy't spylje om de oven hinne bekend makke wurde.

Begjin april kaam der giele reek út de piip. Twa kraanmasinisten waarden dêr net goed fan. It foarfal waard pas wiken letter bekend makke. Dêrtroch ûntstie in soad ûnrest by de minsken dy't om de haven hinne wenje. It akkoart moat dêr in ein oan meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)