Skeaclaim oer te lang gers

21 jul 2011 - 14:04

It bestjoer fan VV Aldegea tsjinnet mooglik in skeaclaim yn tsjin it bedriuw dat fan 'e wike it fuotbalfjild net meand hat. Dêrtroch wie it gers te lang en woe in Turkse topklup der net op spylje. Kayserispor-Telstar wie al moannen lyn pland. Flak foar de ôftraap reizgen de Turken werom nei trainingskamp Hoenderloo.

VV Aldegea hat aardich wat kosten makke. Se wolle dy no ferhelje op it bedriuw dat it gers net meand hat, wylst dat wol frege wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)