Unferwachts klap en kopstjit

21 jul 2011 - 10:43

Op it Gashâlderplein op It Hearrenfean is woansdeitejûn in 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy hie samar ynienen in 18-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean in klap en in kopstjit jûn.

It slachtoffer hat sels de plysje warskôge. Dy hâlde de man oan en brocht him nei it plysjeburo om de saak fierder te ûndersykjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)