VOC-skip omhingplak jeugd

21 jul 2011 - 10:05

De plysje en de haventsjinst fan Harns sille mear tafersjoch hâlde op it âlde VOC-skip dat yn de fiskerijhaven leit. De jeugd hinget wol gauris op it skip om. Sy binne al wol oansprutsen op harren gedrach. De dieders hawwe de rommel oprêden dy't se slingerje litten hiene.

De boat is nei in brân opkocht en nei Harns ta sleept. It is gefaarlik om op it heal ferbaarnde skip te wêzen. Der komme tagongferbean-buorden. Jeugd dy't der wol komt, krijt in bekeuring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)