Hearrenfean wint fan Beerschot

20 jul 2011 - 22:34

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn yn 'e Like de oefenwedstriid tsjin Beerschot mei 2-1 wûn. De Belgyske Earsteklasser út Antwerpen kaam nei 36 minuten op foarsprong troch in doelpunt fan Conor Laerenbergh.

Yn de twadde helte brocht Filip Djuricic de lykmakker op it skoareboerd. Yn de slotfaze soarge Quenten Martinus foar it winnende doelpunt. Gerald Sibon, Michel Breuer, Michel Svec en Milon Kopic dienen fanwege blessueres net mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)