Lekkaazje yn nagelnije winkel

20 jul 2011 - 19:43

De grutte reinbuien fan ôfrûne wykein hawwe foar de Perrysport yn Ljouwert grutte gefolgen hân. De nagelnije winkel yn it Amicitiagebou stie moandei foar in grut part blank. In flater yn it bouwurk op de ferdjipping boppe de winkel is nei alle gedachten de oarsaak fan de lekkaazje.

It is op dit stuit noch net dúdlik wat de skea krekt is, benammen om't de skea oan de houten flier noch sichtber wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)