Hearrenfean hiert Mitja Resek

20 jul 2011 - 15:48

SC Hearrenfean hiert Mitja Resek foar it kommende seizoen. De Sloveense linksback (20) wurdt hierd fan NK Maribor. De Fryske fuotbalklup hat ek in opsje ta keap betinge. De linksback Resek is tiisdei medysk keurd op It Hearrenfean

Technysk direkteur Johan Hansma neamt Resek in talintfolle ferdigener dy't potinsje hat om fia de beloften troch te groeien nei de earste seleksje. Hy hat earder ris twa wiken op proef west. Dat hat doe goed foldien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)