Ferlet Voedselbank Tyt'diel

Yn Tytsjerksteradiel is ferlet fan in Voedselbank. Dat docht bliken út ûndersyk fan de kliïnteried. Goed 100 minsken mei in útkearing ha meidien oan in enkête. De fraach oer de Voedselbank stie dêryn sintraal. In lytse 80 persint wol graach in voedselbank.
De kliïntried besiket no in groep minsken by mekoar te krijen dy't in voedselbank opsette kin.