Wynenerzjy en bosk kombinearje

20 jul 2011 - 11:51

De Fryske Miljeufederaasje is entûsjast oer it plan om 'wynbosken' oan te lizzen. Steatsboskbehear wol de oanlis fan nije bosken kombinearje mei de ûntwikkeling fan wynmûneparken. Mei de opbringst fan de wynenerzjy kin it ûnderhâld en behear fan de beammen betelle wurde.

It draachflak foar wynmûneparken soe grutter wurde as dy kombineard wurde mei de oanlis fan nije natuer. De Miljeufederaasje sjocht kânsen foar wynbosken yn súdeast en súdwest Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)