Trein botst op kliko's

(argyffoto)
De yntercitytrein fan Zwolle nei Ljouwert is tiisdeitejûn tsjin tolven op twa ôffalkonteners botst. Dy wiene op it spoar set. Dit wie by de oerwei by de Werpsterhoeke krekt foar Ljouwert.
It wie earst net dúdlik wêr't de trein tsjinoan ried. De helptsjinsten giene der hinne. De trein koe letter wer fierder ride. De reizgers hiene troch de oanriding trije kertier fertraging. De ôffalkonteners rekken folslein fernield.